← Nei oersjoch
Spultsjes-foar-6-12-jier

Omrop Fryslân Tsjil, Word Tango & mear

Spultsjes foar 6-12 jier Frysk leare mei taal-apps en games

Fryske taal-apps en games foar bern fan 6-12 jier. Boartsjend wurden leare op in útdaagjende en tagonklike wize. Op de kompjûter, tablet of mobyl.

BabelAR, ek yn it Frysk!

Mei dit spultsje kinne bern it Frysk leare en tagelyk harren taalkennis aktivearje. Yn dit gearwurkings-multiplayer AR-spultsje wurkje learlingen gear om in mienskiplik doel te berikken. Se moatte harren taal en taalkennis brûke om it persoanaazje Babel te helpen har wei nei hûs te finen.

Mobiel

Word Tango Hoefolle Fryske wurden kinsto meitsje?

Hasto Word Tango al? Yn dit wurdspul sjochst wurden mei ûntbrekkende letters. Sleep de ekstra letters nei it júste plak en meitsje de wurden dy’t socht wurde.

Der binne ûntelbere levels en kinst Word Tango yn mear as 100 talen spylje en ek yn it Frysk! Mei Word Tango wreidest dyn wurdskat út en oefenest fuort ek dyn skriuwfeardigens!

Tablet Mobiel

US: Lân fan Taal Gean mei dyn smartphone as taalwapen op syk nei antwurden!

Yn dizze augmented reality, multyplayer game foar Android- en iOS-telefoans trochkrústo Ljouwert. Mei in splinternije game ûntraffelest in iuwenâld mystearje. It is 1867. Cornelis over de Linden ûntdekt in manuskript yn runeskrift oer in 4000 jier âlde Fryske beskaving. Hy bringt syn fynst oan it ljocht en yn 1872 wurdt it útjûn ûnder de namme ‘Oera Linda’. Mar is it stik betrouber of hartstikke ferfalske? Slút dy oan by ien fan de trije geheime genoatstkippen en gean mei dyn smartphone as (taal)wapen op syk nei antwurden!

Tablet Mobiel

Woordspul Scrabble yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk

Woordspul is it ienige trijetalige wurdspul fan ‘e wrâld. In wurdpuzelspultsje foar meardere spilers. Om bar leist in Nederlânsk, Ingelsk en Frysk wurd. Sykje freonen om tsjin te spyljen en lear yn no time trije talen.

Tablet Mobiel