Folwoeksenen

Fergeze digitale taalhelpmiddels foar elkenien dy’t Frysk skriuwe wol. Foar jong en âld, handich rubrisearre. In online Fryskw wurdboek, Wurdboek-apps, games, in Frysk toetseboerd foar dyn telefoan of tablet, online Fryske teksten oersette mei in oersethelp en noch folle mear.

taalweb.frl, oersethelp.nl en download Microsoft Office yn it Frysk

Frysk yn Microsoft Office Download de Fryske staveringshifker foar Word, Outlook, Powerpoint en Excel!

Hoe wurket Taalweb.frl? En hoe kin Oersethelp.nl dy helpe? In Fryske staveringshifker nedich foar Microsoft Office? Download de Fryske staveringshifker foar Word, Outlook, Powerpoint én Excel!

Gboard, SwiftKey, de Praat mar Frysk-app & Google Translate

Flaterfrij Frysk! Autokorreksje foar it Frysk op it toetseboerd

Flaterfrij Frysk

SwiftKey en Gboard binne al jierren bysûnder populêre toetseboerd-apps dêr’tst fluch en flaterfrij Frysk mei type kinst. Kinst Swiftkey en Gboard ek brûke yn bygelyks Whatsapp en de apps leare ek fan dyn taalgebrûk.

Mei dizze digitale taalhelpmiddels foar it Frysk makkest noait wer in flater en learst it Frysk sa’tsto it wolst.

Wurdboeken

Der binne ferskillende wurdboeken en grammatika’s en oare taallearboeken te krijen, fan Wat & Hoe Fries oant dielen fan it Wurdboek fan de Fryske taal en Prisma Taaltraining Fries. Sjoch foar in oersjoch by de winkel of webwinkel fan de Afûk.