← Nei oersjoch

Gboard, SwiftKey, Praat mar Frysk-app, Oersetter-app & Google Translate

Wolsto flaterfrij Frysk op dyn mobyl? Alle Fryske oerset-apps en apps foar autokorreksje foar it Frysk foar op dyn tillefoan

Swiftkey en Gboard kinst brûke yn bygelyks Whatsapp en de apps leare ek fan dyn taalgebrûk. Mei de nije Praat mar Frysk-app en de nije Oersetter-app hast altyd in wurdboek Frysk-Nederlânsk / Nederlânsk-Frysk by dy!

Oersetter-app

De Oersetter-app is in handich wurdboek Frysk-Nederlânsk / Nederlânsk-Frysk en kin ek langere teksten oersette.

Wolst noch mear taalhelp, gean dan nei Frysker.nl. Frysker.nl is it taalhelp-platfoarm foar it Frysk en biedt profesjonele taalhelp foar it Frysk, lykas betsjuttingen, synonimen, farianten, sprekwurden en noch folle mear.

De Oersetter-app is makke yn gearwurking mei de Fryske Akademy, Buro KLEI en de Afûk. De Oersetter-app is mei mooglik makke mei stipe fan de provinsje Fryslân.

Mobiel Tablet

Praat mar Frysk-app In handich wurdboek en taalkwis

Hasto de nije Praat mar Frysk-app al? Hy wachtet op dy yn dyn appstore! In handich Frysk wurdboek mei audio, Fryske GIFkes en de Blinder of Blunder-taalkwis. Hielendal fergees! Sa hast altyd in wurdboek Frysk-Nederlânsk en oarsom by dy!

Mobiel Tablet

Gboard Flaterleas mobyl Frysk type mei Gboard fan Google

Mei Gboard fan Google kinst maklik en flaterleas berjochten yn it Frysk type op dyn mobile telefoan of tablet. Kinst Google Gboard ek brûke yn bygelyks Whatsapp en de app jout dy in foarsizzing fan de wurden dy’t yntypst. Boppedat leart de app ek fan dyn taalgebrûk.

Mobiel Tablet

Swiftkey In Frysk toetseboerd foar dyn tablet en mobyl

SwiftKey is al jierren in bysûnder populêre toetseboerdferfanger foar tablets en mobile tillefoans. Kinst Swiftkey ek brûke yn bygelyks Whatsapp en de app jout dy al in foarsizzing fan de wurden. Boppedat leart de app ek fan dyn taalgebrûk.

Mobiel Tablet

Google Translate Fan en nei it Frysk yn mear as hûndert oare talen

It Frysk sit ek yn Google Translate. Mei Google Translate kinst wurden, sinnen en komplete teksten oersette fan en nei it Frysk yn mear as hûndert oare talen. Google Translate herkent mear as hûndert oare grutte en lytse talen en der wurdt noch alle dagen oan wurke om de oersetfunksje te ferbetterjen.

Desktop Mobiel Tablet

Fryske Firefox Mei ynboude Fryske staveringshifker

Yn it Frysk it ynternet op? Brûk Mozilla Firefox mei de ynboude Fryske staveringshifker! Online en flaterfrij Frysk!

Desktop Mobiel Tablet