It online wurdspul Wordle is yn koarte tiid hiel populêr wurden. No is der neist in Ingelske en in Nederlânsktalige ferzy dus ek in offisjele Fryske ferzy, mei de namme Wurdl. De ynstek bliuwt simpel: ried in fiif- of seis letterwurd yn seis beurten of minder.
Spesjaal foar de Fryske ferzy binne bysûndere lettertekens as ê, â en ú, dy’t yn de Fryske taal brûkt wurde, as ekstra letters tafoege. Wurdl is makke yn gearwurking mei studint Jelle Besseling en mei mooglik makke troch de Afûk, Buro KLEI en de Fryske Akademy.