Folwoeksenen

Fergeze digitale taalhelpmiddels foar elkenien dy’t Frysk skriuwe wol. Foar jong en âld, handich rubrisearre. In online Fryskw wurdboek, Wurdboek-apps, games, in Frysk toetseboerd foar dyn telefoan of tablet, online Fryske teksten oersette mei in oersethelp en noch folle mear.

Wurdl.nl, Wurdian, Frysker.nl, Office yn it Frysk

Alle Fryske taalhelp-apps en spultsjes op in rige! Fan populêre taalgames lykas in Fryske Wordle oant de Fryske staveringshifker foar Office

Hoe wurket Frysker.nl? Spilest Wordl of Wordfeud leaver yn it Frysk? Of sikest de Fryske staveringshifker foar Microsoft Office? Download Wurdian, spylje Wurdl of download de Fryske taal foar Word, Outlook, Powerpoint én Excel!

Gboard, SwiftKey, Praat mar Frysk-app, Oersetter-app & Google Translate

Wolsto flaterfrij Frysk op dyn mobyl? Alle Fryske oerset-apps en apps foar autokorreksje foar it Frysk foar op dyn tillefoan

Swiftkey en Gboard kinst brûke yn bygelyks Whatsapp en de apps leare ek fan dyn taalgebrûk. Mei de nije Praat mar Frysk-app en de nije Oersetter-app hast altyd in wurdboek Frysk-Nederlânsk / Nederlânsk-Frysk by dy!

Mei dizze digitale taalhelpmiddels foar it Frysk makkest noait wer in flater en learst it Frysk sa’tsto it wolst.

Wurdboeken

Der binne ferskillende wurdboeken en grammatika’s en oare taallearboeken te krijen, fan Wat & Hoe Fries oant dielen fan it Wurdboek fan de Fryske taal en Prisma Taaltraining Fries. Sjoch foar in oersjoch by de winkel of webwinkel fan de Afûk.