De app Wurdian bestie al langer yn it Frysk, mar hat yn gearwurking mei de Afûk en de Fryske Akademy no ek in Fryske omjouwing. Dêrneist is de definysjefunksje yn Wurdian in handich taallearmiddel wêrmei’t ek net-Frysktaligen al dwaande Frysk leare kinne.
Wurdian is ûntwikkele troch Ronald van den Berg, in Fries yn Stockholm. De app is beskikber yn trije talen en biedt mear funksjes as it eardere Wordfeud. Wurdian is as app te downloaden foar Apple- en Android-apparaten fia de gebrûklike app-stores.